4 Ferwûnen by ûngelok Oerterp

In auto kaam op de krusing yn botsing mei in buske © Tino Broekstra
By in ûngelok op de krusing fan de Bûtewei en de Opperhaudmare by Oerterp binne freedtemoarn fjouwer minsken licht ferwûne rekke. In buske en in persoane-auto kamen troch ûnbekende oarsaak mei inoar yn botsing. Alle fjouwer ynsittenden koenen op eigen krêft út har wein komme. Se binne troch ambulânsepersoniel wol even neisjoen.
It ferkear op de Opperhaudmare (N381) hie wol wat lêst fan rommel op 'e dyk mar koe fierder gewoan trochride. By it ûngelok ûntstie frijwat skea oan de belutsen auto's.