Hofstra útskeakele op Lakeside

09 jan 2014 - 23:17
  • Rick Hofstra

Rick Hofstra fan Snits is der tongersdeitejûn net yn slagge om op Lakeside de heale finale te heljen. Hy waard mei 5-2 útskeakele troch de favoryt Stephen Bunting, dy't ek as earste pleatst wie.

Rick Hofstra kaam noch wol mei 2-0 yn sets foar, mar koe doe oars net as tasjen hoe't syn tsjinstanner hieltyd better op dreef rekke en úteinlik alve keer in 180-er goaide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)