Premjêre fan Faderpaard súkses

09 jan 2014 - 23:11

De earste foarstelling fan Faderpaard yn it WTC yn Ljouwert wie in súkses. Wol begûn de foarstelling 20 minuten letter, omdat in soad besikers fêst kamen te stean yn it ferkear. It útferkochte WTC seach nei de muzykteatershow mei 100 Fryske hynders, Nynke Laverman en kabaratjêre Brigitte Kaandorp.

De show is organisearre fanwege it 135-jierrich bestean fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek. De foarstelling is freed noch in kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)