Proef oanpak bernemishanneling

Yn de trije noardlike provinsjes begjint dizze maitiid in proef mei it út hûs setten fan benammen manlju dy't harren bern mishannelje. Dizze maatregel wurdt op dit stuit al brûkt as manlju harren frou mishannelje. Gemeenten en provinsjes wolle no besjen oft dizze oanpak ek helpt tsjin bernemishanneling. As de man út hûs setten is, wurdt der tagelyk in ûndersyk starten en krije de minsken help oanbean.
De proef duorret acht moanne. De gemeente Ljouwert lûkt de karre.