Nije bylden 11-stêdetocht 1997

Santjin jier nei de lêste alvestêdetocht yn 1997 is der folslein nij byldmateriaal fan dy tocht fûn. It materiaal is fûn yn it argyf fan de VPRO. It giet om byldmateriaal dat tidens de tocht makke is troch 8 filmploegen dy't dwaande wiene mei in dokumintêre. It materiaal kaam by tafal telâne bij Marnix Koolhaas fan Andere Tijden Sport.
Dy dokumintêre is nea makke, omdat de NOS in folle kompletere útstjoering makke as de VPRO tocht hie. Alle rûge materiaal kaam yn it argyf. Andere Tijden Sport hat der no toch in dokumintêre fan makke.
De dokumintêre wurdt kommende snein om 22.10 útstjoerd.