Fryske hotels platbelle

© Omrop Fryslân
Hotels en oare oernachtingsmooglikheden yn Fryslân hawwe it smoardrok mei minsken dy't in keamer reservearje wolle foar as der in Alvestêdetocht komt. Guon hotels wolle net reservearje op in eventuele datum. Allinnich as fêststiet wannear't de Tocht is, kinne minsken in keamer besprekke.
Hotel 't Anker hat in ynternetside yn it libben roppen. Op www.elfstedenreservering.nl kinne partikulieren sels in keamer oanbiede. Se meie sels de priis bepale.