Kevin Brands fuort by Cambuur

09 jan 2014 - 19:24
  • Kevin Brands

Sportklup Cambuur hat Kevin Brands weromstjoerd nei Willem II. Yn desimber waard Brands troch trainer Dwight Lodeweges al út de seleksje setten, omdat hy net omgean koe mei syn plak op de reservebank. De 25-jierrige oanfaller hat alve kear yn aksje west foar de Ljouwerters. Kevin Brands is werom by Willem II, dêr't hy oant 2015 noch in kontrakt hat.

Cambuur stjoerde oan it begjin fan it seizoen ek keeper Ruud Swinkels fuort, omdat dy gjin genoegen naam mei in rol as twadde keeper, ek hy spilet no by Willem II.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)