Oerol fynt terrein foar 2014

Gesellichheid op Oerol
Oerol hat yn alle gefallen foar dit jier in nij plak fûn foar it sintrale festivalterrein. It Westerkeyn-terrein is net langer beskikber. Der is fergunning oanfrege foar de greide tsjinoer camping Terpstra. Der hat al oerlis west mei de omwenners. Dy geane akkoart, mar trune wol oan op in goed ferkearsfeilichheidsplan.
It nije plak sit rjocht foar de eardere lokaasje oer. Oerol moat noch in soad dwaan om it terrein echt geskikt te meitsjen, lykas it regeljen fan de oan- en ôffier fan besikers mei harren fytsen en auto's.
Ek moat der in soarte fan ôffreding komme om it terrein ôf te skermjen. De organisaasje fan Oerol bliuwt tagelikertiid sykjen nei in nij definityf plak foar it sintrale festivalterrein.