Qat-fertochten bliuwe yn sel

09 jan 2014 - 15:41

De twa fertochten yn de qat-saak bliuwe noch 14 dagen fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald. Moandei waard op It Hearrenfean 720 kilo qat yn beslach naam. De softdrug is sûnt ien jier ferbean. De partij hat in wearde fan goed 40.000 euro. Neffens de plysje wie de grutte fangst in tafalstreffer. Plysjeminsken wiene op surveillânse op yndustryterrein Hearrenfean-Súd, doe't se twa senuweftige manlju seagen by in loads.

Doe't it duo de plysje seach, naaiden se út. By Aldskoat binne de twa manlju út Wolvegea oppakt.

Trefwurden: 
Wolvegea qat softdrug
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)