NK maraton natoeriis yn Emmen

© awfoto.nl
It Nederlânsk kampioenskip maratonriden op natoeriis wurdt woansdei ferriden yn Emmen. De KNSB hat sneintemiddei de lokaasje útkeazen. Op it iis fan de Rietplas ride de froulju 70 kilometer en de manlju 100 kilometer.
BAM-riders Bob de Jong en Jorrit Bergsma binne de grutte favoriten foar de titel. Beide manlju jouwe de foarkar oan it NK op natoeriis boppe de wrâldbekerwedstriid yn Hamar. Coach Jillert Anema is ek dúdlik: Natoeriis yn Nederlân is wichtiger as in wrâldbeker.