Jubileum-hynstekeuring los

09 jan 2014 - 14:02

Trije dagen is it WTC yn Ljouwert it domein fan hynsteleafhawwers út binnen- en bûtenlân. Dit wykein fynt dêr de tradisjonele keuring plak. Diskear in spesjale edysje, fanwege it 135-jierrich bestean fan it Frysk Hynste Stamboek. Mei hege gasten, in spesjaal teaterstik en fansels in soad Fryske hynders.

It bêste dat fokkers te bieden ha oan Fryske hynders komt dizze dagen yn de piste. Karmasters beslute oft in jonge hynst it yn him hat om kampioen te wurden en troch mei nei de finaledei op sneon, hiel spannend foar eigener en hynstehâlder.

De keuring krijt ek ferskate bysûndere gasten, lykas prinsesse Beatrix en de Amerikaanske skriuwer Dan Brown. Der komme wol minder Amerikanen as oars. Fanwege it winterwaar yn Amearika hawwe ferskate Amerikaanske hynsteleafhawwers besletten om thús te bliuwen. Likegoed ferwachtet It jubilearjende stamboek oer trije dagen sa'n 25.000 besikers. Se komme wer út de hiele wrâld. Hotels yn en om Ljouwert hawwe dêrtroch in topbesetting. De measten moatte no nee ferkeapje; guon keamers wurde sels ferhierd foar 700 euro de nacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)