KfK no nasjonaal en digitaal

09 jan 2014 - 12:36

Nei in besuniging fan 80 miljoen euro op de Keamers fan Keaphannels bestiet de noardlike Keamer fan Keaphannel net mear. Der is no ien nasjonale Keamer fan Keaphannel. Dêr't je earder yn Ljouwert noch fan alles oan de baly regelje koenen, wurdt ûndernimmers en takomstige ûndernimmers no foaral frege om transaksjes safolle mooglik digitaal te dwaan.

Der wurdt ek mear ynformaasje digitaal dield, sadat je bygelyks maklik útfine kinne oft der ek merk is foar it bedriuw dat je begjinne wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)