Timmerfabryk jout minsken dien

09 jan 2014 - 11:34
  • Timmerfabryk Houkesleat jout tsien minsken dien

By timmerfabryk Houkesloot Toelevering yn Snits ha tsien minsken dien krigen. Dat befestiget de direksje fan de Friso Bouwgroep dêr't it fabryk ûnderdiel fan útmakket. Houkesloot Toelevering is ûnder mear aktyf yn de houtskeletbou en makket ek ruten en doarrren.

De oarsaak is de minne ekonomyske situaasje yn de bou. Dêr hat it fabryk in soad lêst fan. It timmerfabryk leveret oan ferskate grutte boubedriuwen en dy nimme no folle minder ôf as oars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)