Ferwûnen by botsing op A32

09 jan 2014 - 09:37
  • De helptsjinsten oan it wurk op de ôfrit Oranjewâld

Op de A32 tusken Wolvegea en It Hearrenfean stie tongersdeitemoarn in file troch in auto-ûngelok op de ôfrit Oranjewâld. Trije auto´s en in bestelauto wiene by de botsing belutsen.

Ferskate minsken rekken ferwûne rekke. Hoefolle ferwûnen der krekt binne en wat de oarsaak fan de botsing is kin de plysje noch net sizze. De ôfrit Oranjewâld wie ôfsletten foar alle ferkear. Tongersdei om 12.00 oere waarden ôfrit en autodyk wer frijjûn foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)