Alvestêdetocht yn Kaboel

Hûnderten militêren yn Kaboel, wêrûnder ek Fryske, dogge freed mei oan in alternative alvestêdetocht. Der leit gjin iis om 200 kilometer te reedriden. Dêrom wurdt der 20 kilometer draafd. Fierder is alles safolle mooglik gelyk oan de 'tocht der tochten'. Sa binne der alve offisjele stimpelposten mei de nammen fan de Fryske stêden, hingje der Fryske flaggen en de dielnimmers drage mûtsen mei pompeblêden derop.
De alvestêdetocht yn Afganistan is in inisjatyf fan inkele militêren dy't earder ek al in nijjiersdûk yn Kaboel organisearre ha.