Cambuur wint yn Portugal
SC Cambuur hat op trainingskamp yn Portugal wûn fan it Belgyske Lierse SK. De Ljouwerters fersloegen de ploech fan trainer Stanley Menzo mei 4-1. Martijn Barto makke trije goals foar de Friezen. De fjirde kaam foar rekken fan Jeremy de Graaf.
Frédéric Frans skoarde foar it skoft foar de Belgyske earste klasser.