Deadlik ûngelok by Jistrum

By in slim ûngelok op de rykswei N355 tusken Jistrum en Noardburgum is woansdeitemiddei in 17-jierige ynwenner fan Sumar om it libben kaam. Op de parallelwei kaam er mei syn skooter frontaal yn botsing mei in 58-jierige autobestjoerder út Burgum.
De traumahelikopter is ynsetten om de slim ferwûne jongen te helpen, mar dat is net slagge. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.