Stielen Frysk hynder yn WTC

08 jan 2014 - 17:38

In Frysk hynder fan stiel is woansdei by it WTC yn Ljouwert oankaam. It keunstwurk is makke troch Andrew Scott út Glasgow dy't faker hynstebylden makket. It wie in hiele toer om it bist fan hast fiif meter yn de hal te krijen. Mar dit is noch mar de makette fan it echte 'Paard van Fryslân'. Dat moat 20 meter heech wurde en oan de Ofslútdyk komme.

Oft dat byld der ek echt komt, is foarearst noch mar de fraach. Inisjatyfnimmer Borger praat mei provinsje, wetterskip en rykswettersteat. As it slagget, sil it keunstwurk yn Fryslân makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)