Aksje foar tsjerke Tsjummearum

De Sint Martinustsjerke yn Tsjummearum hat it, lykas in soad tsjerken yn de provinsje, dreech. Hieltyd minder minsken sitte sneins yn tsjerke. Wol wurdt de tsjerke brûkt foar rou- en troutsjinsten, ek troch minsken dy't net lid binne fan de tsjerklike gemeente. Om de tsjerke iepen te hâlden, hat tsjerkerintmaster Jan van der Goot mei it bestjoer de aksje 'Tientje voor Martientje' betocht om jild yn te sammeljen. Takom wike krije alle minsken yn it doarp in slúf yn 'e bus, dêr kinne sy it jild yn dwaan. De wike dêrop wurdt dy wer ophelle.