Belesting:'Frysk frjemde taal'

08 jan 2014 - 16:15

CDA-keamerlid Sander de Rouwe wol fan minister Plasterk fan Ynlânske Saken witte hoe't de rykstsjinsten omgeane mei it Frysk. Oanlieding is de reboelje oer it Frysktalige beswierskrift fan de FNP tsjin in oanslach fan de belestingtsjinst. Dy woe dat net yn behanneling nimme om't it yn in saneamde frjemde taal skreaun wie.

De belestingtsjinst jout ta dat dy reaksje net doogde en seit maatregels te nimmen of foar te kommen dat soks noch in kear bart. Neffens FNP-foarsitter Ultsje Hosper is dit gjin ynsidint en komt soks mear foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)