Rintje Ritsma út Dakar Rally

It aventoer fan Rintje Ritsma yn de Dakar Rally hat mar in pear dagen duorre. De webside fan de Dakar Rally meldt woansdei dat syn team net mear fan start giet. De Lemster twittere sels al dat se nei de earste etappe hiel let binnenkommen wiene, neidat de truck mei pech fêststien hie yn de dunen. In pear oeren foar de start fan de folgjende etappe kamen se binnen by it bivak.
Ritsma die mei as navigator yn de servicetruck fan it Ginaf Team. De Dakar Rally wurdt hâlden yn Argentinië, Bolivia en Chili en giet oer 8.000 kilometer yn 13 etappes.