Mear Ingelsk op skoalle Marsum

Bern op basisskoalle De Pôlle yn Marsum krije mear les yn it Ingelsk. De skoalle docht mei oan in lanlik proefprojekt fan fjouwer jier as folslein twatalige skoalle. Jonge bern dy't al les krije yn it Ingelsk, prate dizze taal letter ek better. Lanlik dogge 12 skoallen mei en De Pôlle is de iennichste Fryske dielnimmer.
De skoallen binne oanwiisd troch it ministearje. De Marsumer skoalle is al in trijetalige skoalle mei lessen yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De lessen binne 50% yn it Nederlânsk, 30% yn it Ingelsk en 20% yn it Frysk.
Yn Fryslân is meartalich ûnderwiis al aardich ynboargere. Der binne 58 skoallen dy't trijetalich ûnderwiis jouwe.