Warskôging tin iis Bartlehiem

Reedride © Omrop Fryslân
It iis yn Bartlehiem is op in soad plakken noch net tsjok genôch foar de Alvestêdetocht. Lykas yn oare Alvestêdeplakken fariearret de iisdikte fan 4 oant 10 sentimeter. Rayonhaad Hein van Althuis warskôget fanatike riders dat it oeral noch net feilich is. Benammen ûnder brêgen is it iis net dikker as 6 sentimeter.
Foar de betonbrêge siet sneon noch in fûgelwek yn it iis fan sa'n 20 meter, fertelt Van Althuis. Dêr leit no in tin laachje iis oerhinne, mar is noch lang net sterk genôch foar riders.