Paulusma: Noch wike froast

Piet Paulusma
De froast bliuwt noch wol in wike, neffens waarman Pyt Paulusma. Mar de waaradviseur fan de Alvestêdeferiening doar him net oan in foarspelling te weagjen oft de Tocht der ek echt komt. Sa kinne oanfallen fan teiwaar de iisflier gerfaarlik tin meitsje. Neffens Pyt moatte der earst toertochten komme foardat de Alvestêdetocht der komt.
De kommende twa nachten is de froast strang, dêrnei folgje wat hegere temperatueren.