Gjin jeugdried Fryske Marren

De Fryske Marren
De nije gemeente De Fryske Marren krijt foarearst noch gjin jeugdried. Yn de âlde gemeente Lemsterlân funksjonearre sa'n jeugdried prima. D66 en NPP stelden foar om dy om te setten nei in jeugdried foar de nije gemeente. De gemeenteried wie entûsjast oer it foarstel, mar woe in oantal saken earst noch beprate yn de riedskommisje.
De inisjatyfnimmers koene har dêr net yn fine en lutsen it foarstel werom. Yn it koälysje-akkoart fan CDA en FNP stiet dat sy de jeugd mear by de polityk belûke wolle.
It kolleezje komt dêrfoar meikoarten mei foarstellen.