Ljouwerter fernielt en driget

08 jan 2014 - 10:02

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitejûn in 29-jierrige man út dy stêd oanhâlden op fertinking fan fernieling en bedriging. De man hie yn De Terp spul hân mei in oare man en dêrby in tal ruten fernield. Doe is de plysje belle. De man soe ek it personiel fan it opfanghús bedrige hawwe. De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)