Swimbad 'De Kûpe' siket help

It privatisearre swimbad De Kûpe yn Bûtenpost is noch drok op syk nei frijwilligers. Sûnt 1 jannewaris stekt de gemeente Achtkarspelen jierliks noch mar 168.000 euro yn it swimbad. Dat jild is ûnder oare bedoeld foar in pear betelle funksjes, lykas dat fan de badmasters.
In grut tal wurksumheden moat dien wurde troch frijwilligers. Mar oant no ta binne dat der noch mar fjouwer. De Stichting Behoud de Kûpe hat ein foarich jier mei ferskate aksjes soarge dat it swimbad minimaal noch fiif jier iepenbliuwt. Der is ferlet fan 50 frijwilligers.
Yn 2011 joech de gemeente Achtkarspelen oan dat se de ûnderhâldskosten fan it 38 jier âlde swimbad net langer opbringe kinne.