Noch gjin dúdlikens stekpartij

De plysje kin noch neat sizze oer de reden foar de stekpartij tiisdeitemiddei yn de Curacaostrjitte yn Ljouwert. Dêrby rekke in 46-jierrige ynwenner fan Ljouwert swier ferwûne, hy ferstoar letter yn it sikehûs. In 45-jierrige Ljouwerter wurdt troch de plysje sjoen as fertochte. Hy koe koart nei it ynsidint oanhâlden wurde yn de Feytsmastrjitte. De twa hiene rûzje foarôfgeand oan de stekpartij.
De fertochte is fêstset op it plysjeburo, yn ôfwachting fan it ûndersyk. De plysje hat yntusken in foarwerp fûn dêr't mei stutsen waard.