App lêst âld-Frysk foar

De nije app 'Vogala' fan letterkundige Frits van Oostrom kin ek âld-Frysk foarlêze. Van Oostrom ûntwikkele de app omdat er murk dat minsken it dreech fine âlde teksten te lêzen, mar dêr wol belangstelling foar hawwe. De app kin bekende ferhalen út de midsieuwen foarlêze, lykas it 'Van den vos Reynaerde'. De namme fan de app komt fan de sân ieuwen âlde sin 'Hebban olla vogala nestas hagunnan hinase hic anda thu'.
De app is sûnt in pear dagen beskikber en yn dy tiid al 2000 kear delhelle. Hy is foarearst allinne brûkber op de Ipad.
Neffens Van Oostrom binne de teksten ek bedoeld om nei te harkjen en minder om te lêzen.