Ofskie boargemaster Aalberts

07 jan 2014 - 20:00

Dantumadiel hat tiisdei by de nijjiersresepsje ôfskie naam fan boargemaster Arie Aalberts. Aalberts hat Dantumadiel ynruile foar de nije gemeente De Fryske Marren. Hy is dêr beneamd ta waarnimmend-boargemaster.

Aalberts hat rom njoggen jier aktyf west yn Dantumadiel. Hy warskôge der yn syn ôfskiedstaspraak foar dat de oerheid net te maklik mei it jild fan syn boargers omgean moat. Ek al hat dy oerheid it allinnerjocht, útjeften moatte wol ferantwurde wurde kinne nei dy boargers ta.Aalberts krige by syn ôfskie de gemeentlike earepenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)