Delstutsen man ferstoarn
De man dy't tiisdeitemiddei yn Ljouwert delstutsen waard, is oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. De man waard om healwei fjouweren delstutsen yn de Curacaostrjitte, neffens de earste berjochten troch in man. De plysje hat letter yn de Ljouwerter wyk Huzum in fertochte oanhâlden, oft dat in man is is net bekend makke. Ek is it mooglike stekwapen fûn.
Omdat de man swier ferwûne rekke hawwe helptsjinsten lang dwaande west mei it ferlienen fan earste help oan de man. Hy ferstoar úteinlik yn it sikehûs.