FUMO-kantoar yn Grou iepene

Yn Grou is yn it eardere gemeentehûs fan Boarnsterhim tiisdeitemiddei it kantoar fan de FUMO offisjeel iepene. Yn it gebou is plak foar de goed 120 meiwurkers fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing.
Yn de nije organisaasje wurkje spesjalisten fan Fryske gemeenten, de provinsje en it Wetterskip Fryslân gear op it mêd fan miljeuhânhavening en fergunningferliening. Oan de mienskiplike Fryske miljeutsjinst is jierren wurke.