IIs Snits noch te tin

05 feb 2012 - 15:48

It iis yn de stêd Snits is noch lang net sterk genôch foar in mooglike Alvestêdetocht. Neffens rayonhaad Wiebe Cnossen fan de ferieniging de Fryske Alvestêden leit der op plakken yn de stêd noch mar 4 sintimeter. Op oare plakken leit der tusken de 8 en 10 sintimeter iis.

Cnossen skat yn dat as it goed trochfriest der gemiddeld sa'n 1,5 sintimeter per dei bykomt. Dat soe betsjutte dat de Tocht op syn gaust sneon holden wurde kin. De ôfspraak is dat de tocht pas ôfkondige wurdt, as der gemiddeld 15 sintimeter op de rûte leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)