Gedicht 'Faderpaard' wer útjûn

07 jan 2014 - 16:24

Utjouwerij Bornmeer jout it gedicht Faderpaard fan Tsjêbbe Hettinga opnij út. De útjouwerij docht dat fanwege de foarstelling Faderpaard, dy't dizze wike te sjen is yn it WTC yn Ljouwert.

Faderpaard wurdt sjoen as ien fan de wichtichste gedichten fan Tsjêbbe Hettinga. Hy skreau it nei oanlieding fan de dea fan syn heit, dy't gek wie op Fryske hynders. It gedicht stiet yn in boekje mei mear gedichten fan Hettinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)