Seizoen Durk Fabriek is oer

Foar maratonreedrider Durk Fabriek fan Haulerwyk is it seizoen foarby. Fabriek moat ûnder it mes fanwege in ferfelende blessuere mei de namme it logesyndroom, in blessuere oan de skynbonke. Dy hinderet him yn syn bewegings en makket topprestaasjes ûnmooglik. Fabriek hat der eins it hiele seizoen al lêst fan.
Nei de operaasje moat hy fjouwer oant seis wike rêst nimme en revalidearje. En dat betsjut dat hy dit seizoen sa goed as wis net mear yn aksje komme kin.