Noflik wenje Ljouwerteradiel

De Wythústerwei yn Stiens © Omrop Fryslan, Aise van Beets
De gemeente Ljouwerteradiel docht ûndersyk nei de winsken fan har ynwenners op it gebiet fan wenjen. De gemeente freget alle húshâldens in fragelist yn te foljen. De útkomsten wurde meinaam by de ûntwikkeling fan nijbouplannen yn de gemeente.
De gemeente wol ûnder oare witte oft minsken plannen hawwe om te ferhúzjen en oft se dan in keap- of in hierhûs hawwe wolle.