Unrêst by Broersma transport

De fakbûnen FNV en CNV organisearje sneon in byienkomst foar personiel fan Broersma Transport fan It Hearrenfean. Memmebedriuw Bakker Logistiek út Seewolde hat earder oankundige fanwege in reorganisaasje banen te skrassen op de kantoaren fan de ferskate festigings dy't it bedriuw hat.
De fakbûnen konstatearje dat no ek sjauffeurs frege wurde om tsjin ûngeunstige betingsten har baan op te jaan. Om't sjauffeurs hjir in soad fragen oer hawwe wurdt sneon op It Hearrenfean in fakbûnsbyienkomst holden.