Sluiter wol yn Harns bliuwe

06 jan 2014 - 21:43

Tydlik boargemaster Roel Sluiter fan Harns sil sollisitearje nei de boargemasterfunksje fan de havenstêd. No't Harns selsstannich bliuwt, moat de gemeente in eigen boargemaster hawwe. De proseduere is al yn gong set. Dat sei Sluiter moandei op de nijiersresepsje.

Sluiter makke ek bekend dat de hast fallite haven in trochstart krijt. Ynkoarten sil it earste cruiseskip oanlizze. Boppedat sil fan alles dien wurde om it stedssintrum gesellich te hâlden. Weromkomme op it beslút om net te fusearjen mei de buorgemeenten sil Harns net.

De haven fan Harns krijt in nij havenbehear. Gadingmakkers foar de boukavels oan de haven binne der lykwols noch net.

Trefwurden: 
Harns Roel Sluiter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)