Hoantsje stiet wer op 'e toer

06 jan 2014 - 21:20

It hoantsje stiet wer op 'e toer fan de tsjerke fan Ginnum en dêrmei is de restauraasje hast klear. Bou- en restauraasjebedriuw Van der Werff út Dokkum hat wikenlang dwaande west mei de tsjerketoer, mar de steigers kinne no fuothelle wurde.

By de restauraasje is in soad mitselwurk yn de muorren fan de tsjerke út de 12e ieu ferfongen. Mar it echte pronkje stiet op it dak: it gouden hoantsje dat útsjocht oer Ginnum.

Trefwurden: 
restauraasje Ginnum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)