Kroes: noch soad fraachtekens

© Anton Kappers
It is lestich no al te sizzen oft de Alvestêdetocht trochgiet. Dat sei âld-Alvestêdetochtfoarsitter Henk Kroes snein foar Omrop Fryslân Radio. Hy joech syn reaksje op it iis wylst er sels ek oan it reedriden wie by Boksum.
It no tiid om de draaiboeken goed troch de nimmen. Fierders moat besjoen wurde oft der bysûnderheden bûten it iis om binne, dy't fan belang binne, sa seit Kroes. De rayonhaden komme sneintejûn byinoar.