Stroomsteuring is ferholpen

06 jan 2014 - 19:36
  • It betreffende ferdielstasjon yn Dokkum

De grutte stroomsteuring yn Noardeast-Fryslân is om goed healwei sânen ferholpen. Alle hûshâldens hawwe wer stroom. Dat meldt netbehearder Liander. Om in oere as fiif hinne ûntstie der in eksploazje yn in ferdielstasjon yn Dokkum, nei alle gedachten troch in stikkene skeakeler. Liander hat de stroom omlaat oer oare stasjons.

Troch de stroomsteuring sieten goed 9500 hûshâldens in tiidlang sûnder stroom. Op de eilannen Skiermûntseach en it Amelân sieten de bewenners ek yn it tsjuster..

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum hie gjin lest fan de steuring. Dêr naam in generator de stroomfoarsjenning oer. Mar it konsultaasjeburo yn Dokkum hie dat net en dêrom hie it sikehûs de ynintingsstoffen fan it konsultaasjeburo tydlik yn de kuolling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)