Mata Hari-hûs mooglik sloopt

06 jan 2014 - 16:44

It is net útsletten dat it bertehûs fan Mata Hari oan de Kelders yn Ljouwert dochs noch hielendal sloopt wurde moat. Dat seit de eigener fan it gebou, Wyb Feddema. Hy en syn frou hiene in kapperssaak yn it hûs en ferhierden dêr fjouwer apparteminten.

Yn earste ynstânsje like der allinnich wetterskea te wêzen, mar de saakkundigen fan de fersekering sizze dat de tuskenmuorre mei de winkel dêr't de brân begûn is, mooglik te hyt west hat. Dêr kin it semint net oer en de stiennen komme dan los opelkoar te lizzen.

Hoe't de muorre der echt oant ta is, sil pas de kommende wiken bliken dwaan, as de sloop fan de slimst troffen gebouwen begjint. De tariedings foar de sloop begjinne nije wike. Feddema sit bot yn oer de ôfhanneling fan de brân, hielendal no't bliken docht dat de buorlju in skeel hawwe mei de fersekering. Foar de weropbou is noch in tekoart fan 300.000 euro op in totaalbedrach fan 1,4 miljoen euro. Feddema foarsjocht dêrtroch grutte fertraging. Tiisdei is der foar de earste kear in gearkomste mei alle eigeners fan de ôfbrânde gebouwen oan de Kelders.

No't syn kapsalon ticht is en de apparteminten net ferhierd wurde kinne, mist Feddema alle moannen tûzenen euro's oan ynkomsten. Syn fersekering dekt dat foar in perioade fan op syn meast 52 wiken, dêrnei moat er de skea ferhelje op de WA-fersekering fan de buorlju. It is noch folslein ûndúdlik oft dy de skea fergoedzje sil.

Oan de binnenkant fan de kapperssaak en de apparteminten fan Feddema is yntusken alle betimmering sloopt, om skimmelfoarming op it wiete hout en gips foar te wêzen. Alle liedingen binne der ek úthelle. Ek as de tuskenmuorre behâlden wurde kinne, sil it opknappen fan it hûs tonnen kostje.

Feddema hat ûndersocht oft foar de kapperssaak in tydlike oplossing mooglik is, bygelyks yn in oar gebou of yn losse units, mar Feddema tinkt dat de kosten dêrfoar te heech binne en de ynkomsten te leech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)