Snits wint fan nûmer lêst

© awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon goede saken dien troch mei 3-0 te winnen fan de nûmer lêst Amstelveen. De Snitsers begongen sterk oan de wedstriid en pakten de earste set mei 25-22. Ek de twadde set gie nei in swierbefochten striid nei de Snitser froulju, 27-25. Doe joech Amstelveen belies (25-16) en wie de winst in feit.
Wichtige punten foar Snits, dat no op in sechsde plak stiet.