Marrit Leenstra fier op kop

05 feb 2012 - 14:00

Marrit Leenstra hat snein de 1500 meter wûn by it Nederlânsk kampioenskip allround op It Hearrenfean. Leenstra wûn yn in tiid fan 1.57.17. De rydster fan Team Hart stiet dêrmei fier boppe-oan yn it klassemint. Leenstra mei op ôfslutende fiif kilometer goed santjin sekonden ferspylje op nûmer twa, Linda de Vries. Jorien Voorhuis stiet op it tredde plak.

Jong talint Antoinette de Jong waard sânde en stiet yn it klassemint op in tsiende plak. Ek sy mei de slotôfstân ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)