Spekride en prikslydzje

04 feb 2012 - 18:12

Rûnom yn Fryslân wie it sneon iiswille. It moaie sinneskynwaar luts in soad minsken nei it iis ta. Yn Drylts hiene se de âlde prikslide fan souder helle en yn Boalsert waard spekriden. De dielnimmers dêr hiene in lange ûnderbroek oan en rieden op houtsjes. It idee kaam fan slachter Yde de Boer. Fan Peazens-Moddergat út wie der in rintocht oer it besnijde Waad. Snein is der ûnder oare in bedslidetocht op it iis yn Harich.

Ut Drylts kaam sneon ek minder moai nijs. Dêr sakke in feimasine troch it iis.

Trefwurden: 
spekride prikslide waadrinne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)