Leenstra pakt de lieding op NK

Marrit Leenstra stiet nei de earste dei fan it NK reedriden op It Hearrenfean stevich op it earste plak. Se wûn sneon de 500 meter yn 39.02 en waard twadde op de 3 kilometer yn 4.09.74. Leenstra makket dêrmei ek grutte kâns op in startplak foar de WK allround yn Moskou oer fjirtjin dagen. Fan de fjouwer startplakken binne der no noch twa oer foar Nederlânske reedrydsters.
It Fryske jonge talint Antoinette de Jong levere ek in goede prestaasje op Thialf. De 16-jierrige út Rottum stiet yn it algemien klassemint no op it tsiende plak.