Petear Sionsberg ferhelderjend

04 feb 2012 - 17:05
  • De Sionsberg

It petear dat de aksjegroep Red de Sionsberg sneon hân hat oer de takomst fan it sikehûs hat ferhelderjend wurke. Dat seit Teake Visser fan de aksjegroep. Dy hie ûnder oare soarchfersekerder De Friesland en de Ynspeksje foar de Folkssûnens útnoege foar it petear. Dat wie dien omdat de lêste tiid tsjinstridige berjochten oer de takomst fan De Sionsberg yn de media ferskynd binne.

Neffens de aksjegroep is der no wer ien byld. Der wurdt no wachte op in fierdere útwurking fan de plannen. Dêrnei fynt der in nij petear plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)