Finale Liet wer op 5 maaie

In eardere edysje fan Liet yn de Prinsetún yn Ljouwert © OMrop Fryslân, Onno Falkena
De finale fan Liet sil dit jier wer plakfine op 5 maaie yn de Prinsetún yn Ljouwert as ûnderdiel fan it Befrijjingsfestival. Muzikanten kinne mei yngong fan fan 'e wike wer nûmers ynstjoere nei it festival. De slutingsdatum is 1 maart.
Dêrnei makket de sjuery in foarseleksje fan fyftjin dy't trochgean nei de earste seleksje op 30 maart.