Fernielings yn Menaam

© Omrop Fryslân
De plysje siket de dieders fan fernielings yn Menaam. Dêr waarden ferline wykein yn de Orxmasingel twa fytsen stikkenmakke en bannen fan auto's lekstutsen. Fan in auto yn de Jouke Bakkerstrjitte waard ek in bân lekstutsen.
De plysje tinkt dat der mooglik noch mear saken fernield binne. Minsken dy't dêr it slachtoffer fan wurden binne, wurdt frege harren te melden. Dat jildt ek foar minsken dy't wat witte oer de dieders.