Plysjeflyers op hardcorefeest

© www.dadergezocht.nl
De plysje dielt sneontejûn flyers út ûnder de besikers fan in hardcorefeest yn Berltsum. De plysje hopet sa mear ynformaasje te krijen oer in stekpartij yn oktober yn Mûnein. Doe waard in 31-jierrige ynwenner fan de Gordyk troch trije manlju ferskate kearen mei in mes stutsen. Hy rekke libbensgefaarlik ferwûne.
Ut it ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat de stekpartij it gefolch wie fan in eardere rûzje by in hardcorefeest yn Berltsum. Troch dêr no flyers te fersprieden, hopet de plysje oanwizings oer de dieders te krijen.